dinsdag 3 april 2018

Bêste leden en dirigent (en syn frou),

De formule 1 yn Zandvoort giet oer.
It sjongfestival yn Rotterdam giet oer.
De Olympyske spelen, it giet allegearre oer. En de KNVB kompetysje?

De kranten steane der fol fan. As it om jild giet, is alles yn rep en roer.

As it sjongen fan Halleluja net troch giet, stiet dat net yn ‘e deiblêden. Mar dêr sit ik mear mei, omdat it mij rekket, it myn sinnen ferset en ôflieding jout. En je binne aktyf dwaande, je dogge wat “MEIELKOAR”, it jout bining. Ik mis jim!

Net dat Djoke en ik ütpraat binne, wij binne gelokkich noch tegearre. Mar ik soe sizze skriuw ek ris wat, it jout romte, jimme kinne oars ek wol prate. As wij skylk wer op ‘e repetysje binne, dan mei dat net, dan moatte wij de skea ynhelje. Want wij soene in nacht nei it Amelân!!!

Ik winskje jimme goede Peaskedagen ta, de hertlike groetnis fan Jan (en Djoke).

Ik jou de pen oer oan……….?





-----------------------------------------------------------------------------------------------------------

Bêste leden en dirigint,


Nei de bemoedigjende wurden fan ús dirigint en de meidielings fan ús foarsitter, tocht ik, lit my ek ris wat skriuwe. Wy moatte elkoar al wat yn ‘e gaten hâlde.

Woansdeitejûn sit ik no foar “Kunst en Kitsch”. Net omdat wy keunst ha, it docht bliken dat wy mear kitsch ha, mar ja, je moatte je al wat fermeitsje!

Us dirigint is oant musisearjen en oant komponearjen. Dat kin ik net, dat ik moat mar wat fantasearje.




En dan lês ik yn ‘e krante, it komt der foar de húshâldings nochal wat op oan om de frede te bewarjen, no’t men faak beide thús sit. En dan tink ik oan ús dirigint en syn frou. Hy, oars alle jûnen fuort en no moat sy alles opfange, dat is net niks. Dan moatte je wol sterk wêze! Ik ha mei har te dwaan en no moat sy ek noch mei him sjonge. Ik winskje har in protte sterkte ta!

Hooplik komme der gau oare tiden, mar ja, wy sitte allegear yn deselde boat en moatte mar kalm bliuwe, safier as dat mooglik is. Dat ôfstân hâlde, lokkich ha wy dêr op it koar al mei oefene. In meter útelkoar, ik fyn dat altyd prachtich, dan kin je jesesls ek ris hearre litte!

Mei ús is alles goed en dan woansdei mar wer foar “Kunst en Kitsch”. Dat is gjin keunst!


De hertlike groetnis fan Jan (en Djoke).

--------------------------------------------------------------------------------------------------------------


Bêste minsken,


…en sa sjocht de wrâld der hiel oars út…

Net wy sjonge of spylje it heechste liet, nee dat docht no de corona.
Binnen in pear oeren wie myn agenda leech.
Gjin rippetysjes en gjin konserten, tsjerketsjinsten en nim mar op.
Leech…. en dat yn maart en ûnwis hoelang it noch duorret.
Sa went oan it feit dat ik as dirigent faak it earste en lêste wurd ha en no?
Gjin minsken foar my om tsjin te praten, gjin klanken dy’t oer my hinne komme.
Gjin…..”Ja, jongens, moai songen” en dan altyd it ferfolch fan maaaaaar…en dan kaam ik mei myn opmerkingen.


No lústerje wy nei de ‘opmerkingen’ fan ús grutte foarsjonger Rutte.
Hy dirigeert ús troch dizze tiid.
Sjoch it as in stik muzyk, mar net ien wit wer’t wy no binne.
Gean wy op nei it slotakkoord op de earste side, of stiet der ergens in fermate mei dernei in Generale pauze.

Of sitte wy al yn de slotmaten fan in hiel frjemd stik.

Ien ding is seker, it is wol in hiel bysûnder stik…wa hat it skreaun?
Wa is de komponist fan dit modern stik, dat fol sit mei dissonanten, clusters en hast net te sjongen en te spyljen noaten.
Net te begrypen mar it stik stiet oeral op ‘e wrâld op ‘e lessenaar.
(Welke komponist wol dat net)


In soad minsken binne der mei dwaande om it stik yn ‘e fingers te krijen…
Hulde oan harren.
Wy wachtsje no op de ‘wittenskip’ dy’t op syk is nei in moai akkoord.
In grutte trijeklank!

It is no noch ûnwerklik mar aanst sil alles, lykas de natuur dy’t no ûntspringt, ek it kulturele libben wer útein sette. Klanken sille wer streame…en ik fâl wer yn herhelling.

“Ja, jongens, moai songen” en ja hjer, der is dan wer…Maaaaaar.
…en toen nam Rutte it wurd…1 juni!

Mar wat mis ik jimme.
Myn jongens, (faak myn beginwurd, sels tsjin de froulje fan it frouljuskoar ha ik it faak oer jongens…)
Jim klanken, it sosiale, de pauze, de neisit, de humor, en nim mar op.
No sjong ik thús mei Nannie in duet, a kapella of mei begelieding.
Prachtich. En ik ha tiid foar it komponeerwurk sels mei grutte trijeklanken.

(Sa bin ik op dit stuit dwaande mei sololieten met pianobegelieding op teksten fan Gerben Rypma (1878-1963)

Û.o. “Folle minsken hawwe net genôch omdat se tefolle ha.”
Komme ‘dy minsken’ no tot ynkear.)

Mar ik sjoch wer út nei de rippetysjes en konserten.
It bijelkoar wezen!
Ien wêze as koar, in hillich koar fan stimmen.

Maaaar, earst noch goed lústerje nei ús foarsonger Rutte.

Dernei nim ik it graach wer oer…

Jim dirigent Feike.
--------------------------------------------------------------------------

Foto's en filmkes fan de "Spreuken" (Feike van Tuinen) yn it jubileumkonsert fan 14 april 2018.De foto's en filmkes binne makke troch Arno Louwsma.




- - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -
Kristlike Sjongferiening Halleluja 125 jier.

Hotze Hofstra hat hjir in prachtich boek oer makke.
As jo ek sa’n boek ha wolle, dan kin dat noch besteld wurde by:

Djoke Nauta,
Sikkemabuorren 5,
Bitgummole.
Tel. 058-2531433,
E-mailadres: djokenauta@gmail.com

Kosten € 10,00.

Om in yndruk te jaan, samar willekeurich in
pear plaatsjes út it boek