maandag 6 juni 2022

Yn 2023 hat it koar 130 jier bestien. 

Der is in kommisje ynsteld dy't it jubileum konsert(en) tariede sil.

14 oktober is it jubileumkonserten.

zondag 30 januari 2022

It giet wer oan!

Hallo,

It giet wer oan!

Gisteravond heeft het bestuur in overleg met onze dirigent besloten om de repetities weer op te starten vanaf volgende week woensdagavond 2 februari.
We starten om 19.30 uur en we zingen tot 21.15 uurOm 20.30 uur is er een pauze. 

We zijn welkom in de Molewjuk voor onze repetities. Graag bij binnenkomst de QR code laten checken op telefoon of papier. Of een negatief testresultaat laten zien. (Corona protocol KCZB)
In de Molewjuk geldt onderstaand Corona Protocol: 
-> mondkapjes op bij binnenkomst en lopen in de Molewjuk. Als je plaatsneemt mag het mondkapje af.
-> 1,5 meter afstand bij zitten en lopen
-> de luchtafzuiging staat aan
-> thuis blijven bij klachten

De Molewjuk sluit om 22.00 uur. Daarom starten we om 19.30 uur met zingen. Dan is er na 21.15 uur nog gelegenheid voor een onderling praatje en/of een nazit. 

We hopen jullie volgende week allemaal in goede gezondheid te ontmoeten. Wij hebben er zin in! 

maandag 15 november 2021

Efkes beprate.

It optreden op 6 novimber mei de fanfare “ORANJE” út Minnertsgea wie in grut sukses. Wat hawwe wy in moaie jûn hân.

Woansdei 10 novimber hawwe wy mei-inoar it “Requiem voor de mens” belústere yn de Molewjuk ûnder it genot fan in bakje kofje of tee mei in stikje oranjekoeke. Hoe tapaslik is dat!Ek de gast sjongers wienen hjirby.

Dirigent Feike van Tuinen hat ús optreden yn Minnertsgea efkes mei ús trochnommen. De gast sjongers binne nochris betanke en hooplik oant in oare kear.

Wy geane oan ‘e slach mei de Kryst.


maandag 27 september 2021

 

Bitgum, septimber 2021

 

De Corona tiid hawwe wy achter ús litten en wy binne wer los!
Yn novimber hawwe wy al wer ús earste konsert.

 

Op 6 novimber o.s. hawwe wy yn gearwurking mei de fanfare "Oranje" út Minnertsgea yn de Meinardstsjerke in konsert.

It stik "Requiem voor de mens" musyk Rob Goorhuis, tekst Andre van Zwieten,  sil dan útfiert wurde.

As jo meisjonge wolle dat kin!  De repetysjes binne fanôf woansdei 29 septimber jûns 19:30 oere yn de Molewjuk te Bitgummole.

Repetysje data binne: 29 septimber; 6, 13, 20 oktober, 3 en 5 novimber.

 

Jo binne fan herte wolkom!

dinsdag 3 april 2018

Bêste leden en dirigent (en syn frou),

De formule 1 yn Zandvoort giet oer.
It sjongfestival yn Rotterdam giet oer.
De Olympyske spelen, it giet allegearre oer. En de KNVB kompetysje?

De kranten steane der fol fan. As it om jild giet, is alles yn rep en roer.

As it sjongen fan Halleluja net troch giet, stiet dat net yn ‘e deiblêden. Mar dêr sit ik mear mei, omdat it mij rekket, it myn sinnen ferset en ôflieding jout. En je binne aktyf dwaande, je dogge wat “MEIELKOAR”, it jout bining. Ik mis jim!

Net dat Djoke en ik ütpraat binne, wij binne gelokkich noch tegearre. Mar ik soe sizze skriuw ek ris wat, it jout romte, jimme kinne oars ek wol prate. As wij skylk wer op ‘e repetysje binne, dan mei dat net, dan moatte wij de skea ynhelje. Want wij soene in nacht nei it Amelân!!!

Ik winskje jimme goede Peaskedagen ta, de hertlike groetnis fan Jan (en Djoke).

Ik jou de pen oer oan……….?





-----------------------------------------------------------------------------------------------------------

Bêste leden en dirigint,


Nei de bemoedigjende wurden fan ús dirigint en de meidielings fan ús foarsitter, tocht ik, lit my ek ris wat skriuwe. Wy moatte elkoar al wat yn ‘e gaten hâlde.

Woansdeitejûn sit ik no foar “Kunst en Kitsch”. Net omdat wy keunst ha, it docht bliken dat wy mear kitsch ha, mar ja, je moatte je al wat fermeitsje!

Us dirigint is oant musisearjen en oant komponearjen. Dat kin ik net, dat ik moat mar wat fantasearje.




En dan lês ik yn ‘e krante, it komt der foar de húshâldings nochal wat op oan om de frede te bewarjen, no’t men faak beide thús sit. En dan tink ik oan ús dirigint en syn frou. Hy, oars alle jûnen fuort en no moat sy alles opfange, dat is net niks. Dan moatte je wol sterk wêze! Ik ha mei har te dwaan en no moat sy ek noch mei him sjonge. Ik winskje har in protte sterkte ta!

Hooplik komme der gau oare tiden, mar ja, wy sitte allegear yn deselde boat en moatte mar kalm bliuwe, safier as dat mooglik is. Dat ôfstân hâlde, lokkich ha wy dêr op it koar al mei oefene. In meter útelkoar, ik fyn dat altyd prachtich, dan kin je jesesls ek ris hearre litte!

Mei ús is alles goed en dan woansdei mar wer foar “Kunst en Kitsch”. Dat is gjin keunst!


De hertlike groetnis fan Jan (en Djoke).

--------------------------------------------------------------------------------------------------------------


Bêste minsken,


…en sa sjocht de wrâld der hiel oars út…

Net wy sjonge of spylje it heechste liet, nee dat docht no de corona.
Binnen in pear oeren wie myn agenda leech.
Gjin rippetysjes en gjin konserten, tsjerketsjinsten en nim mar op.
Leech…. en dat yn maart en ûnwis hoelang it noch duorret.
Sa went oan it feit dat ik as dirigent faak it earste en lêste wurd ha en no?
Gjin minsken foar my om tsjin te praten, gjin klanken dy’t oer my hinne komme.
Gjin…..”Ja, jongens, moai songen” en dan altyd it ferfolch fan maaaaaar…en dan kaam ik mei myn opmerkingen.


No lústerje wy nei de ‘opmerkingen’ fan ús grutte foarsjonger Rutte.
Hy dirigeert ús troch dizze tiid.
Sjoch it as in stik muzyk, mar net ien wit wer’t wy no binne.
Gean wy op nei it slotakkoord op de earste side, of stiet der ergens in fermate mei dernei in Generale pauze.

Of sitte wy al yn de slotmaten fan in hiel frjemd stik.

Ien ding is seker, it is wol in hiel bysûnder stik…wa hat it skreaun?
Wa is de komponist fan dit modern stik, dat fol sit mei dissonanten, clusters en hast net te sjongen en te spyljen noaten.
Net te begrypen mar it stik stiet oeral op ‘e wrâld op ‘e lessenaar.
(Welke komponist wol dat net)


In soad minsken binne der mei dwaande om it stik yn ‘e fingers te krijen…
Hulde oan harren.
Wy wachtsje no op de ‘wittenskip’ dy’t op syk is nei in moai akkoord.
In grutte trijeklank!

It is no noch ûnwerklik mar aanst sil alles, lykas de natuur dy’t no ûntspringt, ek it kulturele libben wer útein sette. Klanken sille wer streame…en ik fâl wer yn herhelling.

“Ja, jongens, moai songen” en ja hjer, der is dan wer…Maaaaaar.
…en toen nam Rutte it wurd…1 juni!

Mar wat mis ik jimme.
Myn jongens, (faak myn beginwurd, sels tsjin de froulje fan it frouljuskoar ha ik it faak oer jongens…)
Jim klanken, it sosiale, de pauze, de neisit, de humor, en nim mar op.
No sjong ik thús mei Nannie in duet, a kapella of mei begelieding.
Prachtich. En ik ha tiid foar it komponeerwurk sels mei grutte trijeklanken.

(Sa bin ik op dit stuit dwaande mei sololieten met pianobegelieding op teksten fan Gerben Rypma (1878-1963)

Û.o. “Folle minsken hawwe net genôch omdat se tefolle ha.”
Komme ‘dy minsken’ no tot ynkear.)

Mar ik sjoch wer út nei de rippetysjes en konserten.
It bijelkoar wezen!
Ien wêze as koar, in hillich koar fan stimmen.

Maaaar, earst noch goed lústerje nei ús foarsonger Rutte.

Dernei nim ik it graach wer oer…

Jim dirigent Feike.
--------------------------------------------------------------------------

Foto's en filmkes fan de "Spreuken" (Feike van Tuinen) yn it jubileumkonsert fan 14 april 2018.De foto's en filmkes binne makke troch Arno Louwsma.




- - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -
Kristlike Sjongferiening Halleluja 125 jier.

Hotze Hofstra hat hjir in prachtich boek oer makke.
As jo ek sa’n boek ha wolle, dan kin dat noch besteld wurde by:

Djoke Nauta,
Sikkemabuorren 5,
Bitgummole.
Tel. 058-2531433,
E-mailadres: djokenauta@gmail.com

Kosten € 10,00.

Om in yndruk te jaan, samar willekeurich in
pear plaatsjes út it boek







maandag 6 november 2017

Fytsreiske



Wisselende contacten.


Op sneon 2 septimber stiet der in flinke ploech fytsers klear op it Molewjuksplein. Tiid foar it tradisjonele fytsreiske fan sjongkoar Halleluja. Guon fytse foar it earst mei en oaren fytse foar it earst net mei. Fytse yn in groep wurdt noedliker as der binne oare redenen om der fan ôf te sjen. We sette útein nei Stiens ta wêr't noch mear leden rjochtstreeks nei de St. Vitustsjerke kommen binne. Jan Nauta en Titia de Haan ha de organisaasje fan ús trip op harren naam mei help fan de sekundanten Koba en Djoke. It wie in hele skrik doe't bliek dat de bradery net op dizze sneon yn Stiens holden waard mar ús reiskelieders wiene net foar ien gat te fangen. Wat harsesskrabje en sjoch in nij program ûntstie samar. No samar? Yn de tsjerke waarden wy troch frijwilligers ûnthelle op in bakje kofje mei in brok. Frijwilliger Lubbert fertelde ús oer de histoarje fan dizze moaie tsjerke op de terp en tusken de linebeammen yn it sintrum fan Stiens.

 As koar soe it dochs ek moai wêze at wy ús ek even hearre litte koenen. Dirigint Feike hie de lêste woansdei trije lieten mei ús trochnaam en dy woene wy hjir wol sjonge. It tempo ôfpraat en de begintoan oanjûn en doe stie elk der sels foar. Kaam dit goed sûnder ús grutte lieder? Elk hie de kop der goed by en lústere goed nei de oaren. It klonk as in klokje en joech in gefoel fan meiïnoar ien.

vrijdag 23 juni 2017





Bêste minsken

As jimme dit leze, hat it koar fakânsje. De lêste repetysje wie 28 juny, sjonge oant it skoft en dêrnei foar de leafhawwers noch in hapke en in snapke.
Wy nimme jimme efkes mei werom nei 31 augustus 2016, de earste repetysje nei de grutte fakânsje.
Nei ôfrin wurde de lêste ynstruksjes jûn foar de fytstocht oankommende sneon.
Sneon 3 septimber 2016 is it safier. Fanôf it Molewjuksplein starte moarns by ideaal waar 27 fytsers. In kostlike dei, de loft is stiif blau.
Mar nei sa’n útsje moat der fansels ek wer wurke wurde, dat betsjut repeteare en optrede!
Snein 9 oktober wurkje wy mei oan in tsjerketsjinst yn Tsjummearum. Krystsnein yn de tsjinst te Marsum. It koar past krekt ûnder de mânske krystbeam. Guon manlju rinne fierder de krystdagen mei de nullen yn it hier.