Wa binne wy

               
Lid wêze fan Halleluja, wat betsjut dit eins?



Kristlike Sjongferiening Halleluja út Bitgummole is in mingd koar. It is oprjochte op 12 augustus 1893 en de feriening bestie yn 2018 125 jier. It koar hat op it heden (juny 2023) 44 leden. De leden komme út Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Ingelum, Minnertsgea, Sint Anne, Stiens en Tzummearum.

De repetysjes fan it koar binne op woansdeitejûn fan 19.30 oant 21.30 oere (en dêrnei is der foar de leafhawwers in tredde helte). Om 20.30 oere is der skoft. De kofje/tee/fris moatte jimme sels efkes ôfrekkenje oan de bar.
De repetysjes wurde hâlden yn:
De Molewjuk, J.H. van Aismawei 19, 9045 PT Bitgummole til.(058) 2531803
De kontribúsje is (op dit stuit) € 15,- yn de moanne. We betelje dizze kontribúsje foarôf.
De kontribúsje kin elke earste woansdei fan de moanne betelle wurde oan de skathâlder.
It bedrach mei ek oermakke wurde nei banknûmer: NL27 RABO 0341 7084 53 op namme fan Kr. Sjongferiening Halleluja.

As regel is der gjin repetysje tusken kryst en âld en nij en ek net yn de simmerfakânsje (dus yn july en de earste wiken fan augustus) wurdt der net songen. Meastentiids begjinne we nei de fakânsje sa op 20 oant 25 augustus wer.
De bydrage oan de kontribúsje giet trouwens gewoan troch.
En wêr sjonge wy foar? Yn it earste plak foar ússels, om meielkoar te sjongen.
Mar fansels wolle we ús ek wolris hearre lite. We ha sa no en dan in konsert/optreden, en we dogge in pear kear yn it jier mei oan in tsjerketsjinst. Meastentiids is it program in pear moannen oant in jier fan te foaren bekind en dan wurdt der drok foar oefene.  


De opkomst op de repetysjejûnen is goed te neamen. En as je beslist in kear net kinne dan is dat jammer foaral foar jesels want je misse hiel wat. Mar ek foar de oaren is it ek goed dat elts der safolle mooglik is want je wenne oan je buorfrou en buorman. Dêrom kin in goede sjonger/sjongster ek samar net mist wurde. Der is dan ek de oprop oan de leden om mei namme flak foar in optreden trou op de repetysje te kommen en fansels op de útfiering.
It wurdt op priis steld dat in ôfwêzigens oan it bestoer trochjûn wurdt.
Ien kear yn it jier is der in jiergearkomste, sa yn febrewaris-april. Dit wurdt meastentiids hâlden nei it skoft fan in repetyssjejûn. We komme hjir fansels allegearre. As regel wurdt der op de earste sneon fan septimber in fytstocht organisearre.

We ha gjin fêst kostuum, mar de froulju binne meast yn it swart mei in kleurd aksint.  Dit kin elke kear in oare kleur wêze en hinget ek gear mei de tiid yn it liturgysk jier. De manlju binne ek yn it swart.


Der bestiet ek in blog fan it koar: hallelujabitgummole.blogspot.com  Dêr fine jo in soad ynformaasje en foto’s fan it koar.