vrijdag 23 juni 2017





Bêste minsken

As jimme dit leze, hat it koar fakânsje. De lêste repetysje wie 28 juny, sjonge oant it skoft en dêrnei foar de leafhawwers noch in hapke en in snapke.
Wy nimme jimme efkes mei werom nei 31 augustus 2016, de earste repetysje nei de grutte fakânsje.
Nei ôfrin wurde de lêste ynstruksjes jûn foar de fytstocht oankommende sneon.
Sneon 3 septimber 2016 is it safier. Fanôf it Molewjuksplein starte moarns by ideaal waar 27 fytsers. In kostlike dei, de loft is stiif blau.
Mar nei sa’n útsje moat der fansels ek wer wurke wurde, dat betsjut repeteare en optrede!
Snein 9 oktober wurkje wy mei oan in tsjerketsjinst yn Tsjummearum. Krystsnein yn de tsjinst te Marsum. It koar past krekt ûnder de mânske krystbeam. Guon manlju rinne fierder de krystdagen mei de nullen yn it hier. 

Freed 3 maart 2017 hat ús koar in koarefestival organisearre yn de tsjerke fan Bitgummole. De folgjende entûsjaste koaren/sjongers wurken hjiroan mei: it mânljuskoar “Sjongendewiis” út Berltsum; “Bernekoar” út Minnertsgea; ek út Minnertsgea, Gospelgroep”Telling Voices”; út Dronryp, it popkoar “FromUs”. En fansels sjongt ús koar “Halleluja” ek mei. Dizze prachtige sjongjûn waard mei-inoar ôfsluten mei in kanon ûnder lieding fan Feike van Tuinen.

Woansdei 22 maart oant 21.00 oere sjonge en nei it skoft de jiergearkomste. Twa jubelarissen wurde yn de blomkes set; Jan Nauta en Jos Steggerda om ‘t sy elk 45 jier lid fan it koar binne.

Goedfreed 14 april ferlient it koar har meiwurking oan de earetsjinst yn Ingelum.
It lêste optreden foar de fakânsje wie op snein 11 juny 2017 yn MCL, wêr ’t it koar har meiwurking ferliende oan de tsjerketsjinst.

As je alles sa op in rychje sette is der noch bêst wat wurk ferset. Mar mei in dirigint as Feike van Tuinen is it altyd in plesier om te sjongen.

Wy kinne yn tankberens werom sjen op in goed sjongjier mar net sûnder stil te stean by minsken dy’t nau by it koar belutsen wiene mar dy’t ús it ôfrûne jier ûntfallen binne.
Feike van Tuinen syn mem ferstoar 12 desimber 2016. Sa lang as mooglik, wie sy oanwêzich by de útfieringen. Op 1 jannewaris 2017 ferstoar Otto Wijbenga, man fan ús lid Griet Wijbenga út    St. Anne. Op 7 jannewaris hawwe wy ôfskie fan him nommen yn in bysûndere, muzikale tjsinst.
Op 26 febrewaris ferstoar ús lid Anneke Nicolaij fan Stiens, har ôfskiedtsjinst wie 3 maart 2017. Anneke hie yn septimber de fytstocht noch mei fytst en de lêste kryst noch meisongen yn Marsum. Unbegryplik!  

Takom jier 2018 bestiet it koar “Halleluja” 125 jier en dat wurdt 14 april mei in jubileumkonsert fierd. Feike van Tuinen skriuwt spesjaal foar dit jubileum in nije komposysje. We sille ús bêst dwaan en alle seilen bysette om goed foar it fuotljocht te kommen.

En jimme witte it fêst noch wol: as jimme graach sjonge meie, binne jimme fan herte wolkom op de repetysjejûn woansdeitejûns fan 20.00 – 22.00 oere yn de Molewjuk. Noch in nijtsje: it koar hat no ek in eigen blogspot wêrop û.o. moaie foto’s stean: www.hallelujabitgummole.blogspot.nl


Goede fakânsje tawinske en oant in oare kear!

Groetnis, it bestjoer