maandag 6 november 2017

Fytsreiske



Wisselende contacten.


Op sneon 2 septimber stiet der in flinke ploech fytsers klear op it Molewjuksplein. Tiid foar it tradisjonele fytsreiske fan sjongkoar Halleluja. Guon fytse foar it earst mei en oaren fytse foar it earst net mei. Fytse yn in groep wurdt noedliker as der binne oare redenen om der fan ôf te sjen. We sette útein nei Stiens ta wêr't noch mear leden rjochtstreeks nei de St. Vitustsjerke kommen binne. Jan Nauta en Titia de Haan ha de organisaasje fan ús trip op harren naam mei help fan de sekundanten Koba en Djoke. It wie in hele skrik doe't bliek dat de bradery net op dizze sneon yn Stiens holden waard mar ús reiskelieders wiene net foar ien gat te fangen. Wat harsesskrabje en sjoch in nij program ûntstie samar. No samar? Yn de tsjerke waarden wy troch frijwilligers ûnthelle op in bakje kofje mei in brok. Frijwilliger Lubbert fertelde ús oer de histoarje fan dizze moaie tsjerke op de terp en tusken de linebeammen yn it sintrum fan Stiens.

 As koar soe it dochs ek moai wêze at wy ús ek even hearre litte koenen. Dirigint Feike hie de lêste woansdei trije lieten mei ús trochnaam en dy woene wy hjir wol sjonge. It tempo ôfpraat en de begintoan oanjûn en doe stie elk der sels foar. Kaam dit goed sûnder ús grutte lieder? Elk hie de kop der goed by en lústere goed nei de oaren. It klonk as in klokje en joech in gefoel fan meiïnoar ien.
Wat ha wy dochs in moaie hobby! Dan fierder op de fyts, fierder nei it noarden ta. Lâns oare dan de wenstige paadsjes bedarje wy hast by it Kweldersintrum fan it Fryske Gea by it Noarderleech. Hast, want wy fytse earst noch troch nei it 'Project Vijfhuizen, Fan swiet nei sâlt ' it plak wêr't in nij gemaal komt oan de seedyk. Elk sjocht even boppe op de dyk en dan fytse wy nei it Kweldersintrum.


In prachtich nij gebouw mei in permaninte tentoanstelling. Elk stiet fersteld dat dat sa kin : safolle moais te sjen en dat sûnder tafersjoch! Boppe is der sealromte wêr't wy ús meinommen brochje opite kinne. Der binne kreaze WC's mei waarm en kâld wetter en in kofjeautomaat foar in waarm drankje foar elk dy dêr ferlet fan hat. Grutte ferrassing binne de waarme woarstjes. Nêst dit prachtige sintrum stiet de pleats wêr Froukje, dochter fan Æbe en Djoke Palsma boerinne is. Sy sit mei yn it komplot om elk fan waarme woarst te foarsjen. Nei 't wy it goede genoaten ha sette wy wer ôf, benijd wat fierder ús paad noch kruse sil.En elke kear fyts ik wer nêst in oar en ha in praatsje mei dizze en jinge.
Woansdeitejûn tidens de repetysje is der nauweliks tiid en gelegenheid om wurden te wikseljen want der moat hurd wurke wurde. Yn it skoft ûnder de kofje moat dat ynhelle wurde mar stiet elk meastentiids by syn as har fêste buorman as buorfrou om de lêste nijtsjes út te wikseljen mar op sa'n fytsdei is der folop gelegenheid om in praatsje te meitsjen en is dat faak mei minsken fan it koar dêr't je yn it skoft op woansdei net mei prate. Hjir komt de titel dan ek wei. Hyltyd in eintsje fytse mei in oar en it bakje kofje op in stoel oan in oare tafel. De sjarme fan wikseljende kontakten! It folgende doel is Âlde Bildtsyl en wol de Aerden Plaats, in sintrum mei argeologyske fynsten, keunst, nostalgy út as fan foar ús jeugd. Ek stiet hjir de Julianatsjerke, de Vermaning fan de Mennisten, moai opknapt en frij tagonklik. Achter de Aerden Plaats is in moaie binnentún mei in protte flinters. Wiene de waarsberichten foar hjoed earst noch wat spannend en wikselfallich, op dit momint yn de flintertún is it hearlik, lekker yn it sintsje. Nei dizze besite oan Âlde Bildtsyl ride wy fierder nei de mole fan Froubuert. Hielke Haitsma is dêr moolner en fertelde oer de draaiende mole en ferkocht hjir en dêr ek noch pûdsjes moal oan enthousiaste koarleden. En mar wer fierder. No lâns net fermoede nije fytspaden by Stiens lâns en oer it âlde spoar fan it Dokkumer Lokaaltsje op nei Dekemastate yn Jelsum, in moai trajekt mar wol in protte dwarse stekjes om feilich oerstekke te kinnen. Yn Dekemastate bûten yn it sintsje op it terras in bakje kofje as tee mei in stikje koeke. Dan in ekskursje troch de tún mei prachtige fruchtbeammen en noch folle mear en dan opsplitst, mei foar elke groep in gids, troch dit moaie âlde hûs. De lêste etappe bringt ús by it Wokpaleis. Ekstra koarleden en noch wat oanhang foeget sich by it fytsselskip en meielkoar ite wy hearlik fan al it lekkers yn dit restaurant. In moaie dei is wer foarby en elk fernuvert him oer al dat moais dat sa ticht by hûs is mar noch net ûntdutsen is troch elk. In grut kompliment foar Jan, Titia, Koba en Djoke foar dizze fijne ûntdekkingsreis.Mar wat wie dat no mei dy losrinnende bollen?


Mei tank oan Els Brunia